Te folle reek ynaseme

07 jun 2012 - 13:58
Plysje - Foto: ANP XTRA

Seis meiwurkers fan in bedriuw yn Jirnsum hawwe woansdei by in brân safolle reek binnenkrige dat se behannele wurde moasten troch ambulânsepersoniel. Ien fan harren moast nei it sikehûs.

De brân ûntstie by laskwurk oan in boat. Dy stie yn in loads oan It String. By de brân kaam in soad reek frij. De baarnende boat waard de loads út riden en dêr hat de brânwacht it fjoer útmakke.

Trefwurden: 
brân Jirnsum reek
(Advertinsje)
(Advertinsje)