Twa tige swakke basisskoallen
Fryslân hat noch twa tige swakke basisskoallen. It giet om de iepenbiere basisskoalle E.P. de Boer yn Winaam en Yn de Mande op Skiermûntseach. Dy dogge it hiel min kwa learprestaasjes. It ministearje fan ûnderwiis stjoert help yn de foarm fan Vliegende Brigades dy't it nivo wer op peil bringe moatte.
Der binne lanlik folle minder tige swakke skoallen as yn it ferline. Yn Fryslân wurdt it ek better. Yn 2010 krigen sân skoallen it stempel 'tige swak' en no dus noch mar twa.
De basisskoalle Joh. Looijengaskoalle yn Surhuzum en de skoallemienskip foar spesjaal ûnderwiis VSO Talryk yn Drachten binne it 'tige swak'-stimpel kwyt.