Frou op scootmobyl bestellen

28 okt 2011 - 10:05
Foto: Omrop Fryslân

In frou fan 71 út Balk is tongersdei yn har wenplak bestellen. Se ried yn har scootmobyl oer it Talmapark, doe't der in frou op in fyts njonken har kaam te riden. Dy pakte de boadskippetas fan it slachtoffer út it kuorke fan de scootmobyl. Se naaide doe hurd út. Yn de omjouwing fan de frou fytste ek in man, mar it is net dúdlik oft dy by de fertochte hearde. De plysje freget dizze man, mar ek oare tsjûgen, om har te melden.

Trefwurden: 
bestellen scootmobyl
(Advertinsje)
(Advertinsje)