Personielsfytstocht ferplichte

Justysje © Omrop Fryslân
Dielname oan in persoanielsfytstocht kin by tsjinstbefel ferplichte steld wurde. De rjochtbank hat de gemeente Frjentsjeradiel gelyk jûn. Dy hie in amtner op de fingers tikke dy't wegere mei te dwaan. De amtner liet it foarkomme. De rjochtbank fynt no dat de gemeente gelyk hat.
De ferplichte fytstocht mei barbecue nei ôfrin wie bedoeld om de mienskipssin ûnder de amtners te fergrutsjen. De berisping bliuwt as gefolch fan de útspraak fan de rjochtbank oerein.