Minder dielnimmers Schuttevaer

07 jun 2012 - 12:49

De jierlikse Schuttevaerrace hat dit jier minder dielnimmers as ferline jier. Doe diene 53 boaten mei, dit jier is it tal sakke nei 36. Neffens de organisaasje komt dat omdat de race ferline jier swier wie. De dielnimmers moatte drave, fytse en sile. De race giet non-stop oer de Iselmar en de Waadsee by ferskate eilannen del. De wedstriid gie tongersdei yn Starum fan start.

De organisaasje driget takom jier ek noch folle minder jild te krijen. De krante Schuttevaer hâldt mooglik op mei sponsoring. Dit jier is de bydrage al leger as oars.

Dat betsjut dat de organisaasje op syk moat nei nije jildsjitters foar de 30.000 euro kostjende race.

Trefwurden: 
Schuttevaer
(advertinsje)
(advertinsje)