Ierlân-Kroäsië foar Zeinstra

07 jun 2012 - 12:48
Erwin Zeinstra assistint skiedsrjochter grensrechter

Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp hat fan de UEFA in earste wedstriid tawiisd krigen. It giet om Ierlân-Kroäsië. De wedstriid wurdt sneintejûn spile om 20.45 oere yn Poznan.

Björn Kuipers is de skiedsrjochter by it duel. Eltse skiedsrjochter dy't op it EK oanwêzich is, krijt minimaal twa wedstriden om lieding oan te jaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)