Subsydzje foar 'aktive skyl'

07 jun 2012 - 12:22

Ynstallaasjebedriuw Bekkema-Bruinsma út Warns krijt 93.000 euro subsydzje fan de provinsje foar in proef mei in saneamde 'aktive skyl' om huzen enerzjysuniger te meitsjen. Dat is is in soarte fan jas om it hûs mei ierdwaarmte. Mei sa'n jas wurdt in hûs - as it goed is - winterdeis net kâlder as 10 graden en simmerdeis net waarmer as 21 graden en dat skeelt in soad yn 'e enerzjykosten.

De subsydzje is bedoeld om de nije technyk sa gau mooglik yn de praktyk te testen yn gearwurking mei wenningkorporaasje Súdwest-Fryslân.

Menno Bekkema fan it ynstallaasjebedriuw is wiis mei de subsydzje. Hy wol de proef no sa gau mooglik trochsette. Hy hopet oer in jier de earste resultaten presintearje te kinnen. Njonken de provinsje Fryslân sille ek de Europeeske Uny, it Ryk en gearwurkingsferbân Noard-Nederlân bydrage oan it eksperimint.

(Advertinsje)
(Advertinsje)