Kultuerferdrach Fryslannen

07 jun 2012 - 12:04

Der komt mooglik in kultuerferdrach tusken de trije Fryslannen. It nije lânsregear fan Sleeswyk-Holstein hat yn it koälysje-akkoart set dat it sa'n ferdrach slute wol tusken ús Fryslân en East- en Noard-Fryslân yn Dútslân. It nije regear fan Sleeswyk-Holstein bestiet út de partijen SPD, Grünen en 'minderhedepartij' SSW. Foaral dy lêste partij wol graach sa'n ferdrach.

Mei in kultuerferdrach kin Fryske kulturele ynstellings Europa yngean. Foar teaterselskip Tryater is dat al in skoft in winsk.

Nije wike tiisdei wurdt it nije regear fan Sleeswyk-Holstein ynstallearre. It is foar it earst dat Sleeswyk-Holstein in regear krijt dêr't 'minderhedepartij' SSW oan meidocht.

(advertinsje)
(advertinsje)