Stellen rappe auto's weromfûn

De rappe auto's dy't ferline wike stellen binne by autobedriuw Oostra yn Surhústerfean, binne alle trije weromfûn. De lêste is woansdei fûn yn Grinslân. Snein en freed wiene de oare twa al trasearre: ien yn Eanjum en de oare ek yn Grinslân.
De ynbraak wie ferline wike woansdei. De dieven moasten oare auto's fersette om de rappe weinen út de showroom meinimme te kinnen. Op it bedriuw waard in ravaazje oanrjochte. De weromfûne auto's hawwe gjin skea.