Westergo BV: 3 miljoen tekoart

07 jun 2012 - 11:23
Terrein by de haven fan Harns - Foto: Omrop Fryslân

Untwikkelingsmaatskippij Westergo BV dy't grûn ferkeapet yn de haven fan Harns hat in tekoart fan hast trije miljoen euro. Alle terreinen hiene neffens de planning ferkocht wêze moatten. Troch de resesje is lykwols noch mar de helte fan de fyftich bunder fan de hân gien.

De oandielhâlders - de gemeenten Ljouwert, Frjentsjerteradiel, Menameradiel, Harns en de provinsje - moatte no in soad jild ôfboeke. Hoefolle oft dat wêze sil, moatte se it noch oer iens wurde. Se hoopje dat alle grûn yn 2016 ferkocht is.

Trefwurden: 
Westergo BV grûnferkeap
(Advertinsje)
(Advertinsje)