Bedriging yn winkelsintrum

07 jun 2012 - 11:09
Plysje - Foto: ANP XTRA

Twa jonges fan 17 jier út Drachten binne woansdei oppakt omdat se yn winkelsintrum De Drait in man bedrige hiene. Nei in rûzje oer mooglike stellerij yn in winkel pakte ien fan de twa in fjoerwapen út in taske en bedrige de 31-jierrige Drachtster. Dêrnei naaiden de jonges út.

Mei in dúdlik sinjalemint koe de plysje de twa gau te pakken krije. Op de sliepkeamer fan ien fan harren waard it wapen fûn. It gie om in nepwapen, sa die bliken.

Trefwurden: 
bedriging De Drait
(Advertinsje)
(Advertinsje)