Kuiper bysûnder heechlearaar

Professor doktor Yme Kuiper fan Goutum wurdt bysûnder heechlearaar Histoaryske Bûtenplakken en Lânguod oan 'e Ryksuniversiteit yn Grins. De learstoel is nij en unyk yn Nederlân. Kuiper sil ûndersyk dwaan nei bewenners, arsjitektuer en tunen fan bûtenplakken yn Nederlân. De Fryske bûtenplakken hearre dêr fansels ek by.
In bysûnder heechlearaar wurdt net troch de universiteit sels betelle. It jild foar de learstoel fan Kuiper komt fan in stichting dy't ûndersyk docht nei histoaryske bûtenplakken yn Nederlân.