Lead fan dakken Dokkum stellen
Fan fjouwer gebouwen yn Dokkum is de ôfrûne wike lead fan dakken stellen. By de biblioteek oan De Brokmui en de sporthallen De Trimmer en De Doelstien waarden leaden rânen fan it dak meinaam. Mei-inoar gie it dêr om 130 meter lead.
By it Dockingakolleezje oan de Woudwei waard nochris 50 meter lead stellen. De gemeente en de skoalle hawwe oanjefte dien.