Bestellen by ynternetbankieren

07 jun 2012 - 10:17
Feilich ynternet - Foto: Omrop Fryslân

In 57-jierrige ynwenner fan Kollum is 7000 euro kwytrekke by it ynternetbankieren. Doe't de man achter de kompjûter oan it thúsbankieren wie, krige er in foutmelding. Hy moast opnij wer ynlogge. Doe't er dat die, waard 7000 euro fan syn rekken ôfskreaun.

De plysje warskôget minsken goed om sokke praktiken te tinken. De bank sil noait freegje opnij yn te loggen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)