Drugsdealers oppakt

07 jun 2012 - 10:01
e_dolphins

De plysje hat trije manlju oanhâlden foar drugshannel. It giet om in 24-jierrige man út De Harkema, in 20-jierrige man út Stynsgea en in 38-jierrige man út Droegeham. De plysje fûn de Harrekyt yn april út 'e tiid troch drugs yn syn auto by de apoteek yn syn wenplak. Yn syn auto lei GHB, speed en oare drugs. Nei ûndersyk waarden de oare twa ek oanhâlden.

By it ûndersyk waarden 25 gram amfetamine, 38 xtc-pillen, GHB en himp yn beslach naam. De manlju ferkochten it guod yn Koatstertille, Droegeham, Mearum en Surhústerfean.

Trefwurden: 
drugs himp GHB xtc
(Advertinsje)
(Advertinsje)