Finzenismuseum leechhelle

07 jun 2012 - 09:55

It finzenismuseum yn it eardere gefang De Blokhúspoarte yn Ljouwert wurdt tongersdei ûntromme. De ynventaris giet nei it finzenismuseum yn Feanhuzen. It museum waard koartlyn sletten nei in konflikt tusken de stichting en behearder Carex fan it finzenisgebou. De kolleksje sil noch wol op ynternet te sjen wêze. Fan de webside www.blokhuispoort.nl wurdt in firtueel museum makke.

Behearder Carex wol mei nije minsken in finzenismuseum nije styl opsette.

(Advertinsje)
(Advertinsje)