40 katten fan Skylge helle

07 jun 2012 - 09:46

De Drachtster stichting Kat in Nood hellet tongersdei fjirtich katten fan Skylge om in nij baaske foar harren te sykjen. De eigener fan de bisten is koartlyn ferstoarn. No moatte de katten in oar plak hawwe.

De katten kinne net allegearre yn de opfang yn Drachten te plak. Dêrom wurde se yn biste-opfangen yn hiel Nederlân pleatst. Dy besykje foar alle fjirtich katten wer in nije eigener te finen.

Trefwurden: 
Skylge kat Kat in Nood
(advertinsje)
(advertinsje)