Van Balen gemeentedichter

Sanne van Balen út Boarnburgum is woansdei keazen ta gemeentedichter fan Smellingerlân. Se moast de striid oangean mei noch fjouwer kandidaten. Yn it Thalenpark yn Drachten moasten de dichters gedichten foardrage foar in sjuery.
Van Balen wurdt oansteld foar in perioade fan twa jier en se moat yn elk gefal fiif gedichten yn in jier meitsje. De gemeente Smellingerlân kin Sanne van Balen ek freegje foar bysûndere gelegenheden.