CDA stipet Kulturele Haadstêd

06 jun 2012 - 22:35

De provinsje Fryslân stipet de gemeente Ljouwert yn de nominaasje om fan Ljouwert yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europe te meitsjen. Dat die woansdei bliken yn de steatekommisje. It CDA wie, yn tsjinstelling ta it CDA yn de ried fan Ljouwert en eardere lûden, no posityf oer de fuortgong fan Kulturele Haadstêd.

Der is mei-inoar al acht ton beskikber steld. Yn desimber wurde de bêste twa stêden keazen. Mocht Ljouwert dêrby sitte dan moat de provinsje nochris 1,2 miljoen euro jaan. De steaten nimme oer twa wiken in beslút.

Trefwurden: 
CDA nominaasje KH2018
(Advertinsje)
(Advertinsje)