Aafke Soet tiidritkampioen

06 jun 2012 - 22:26

Aafke Soet is woansdei kampioen tiidriden wurden by de nijelingen yn Slochteren. It 14-jierrige talint fan It Hearrenfean, lid fan Olympia, wie nei 15,2 kilometer sân sekonden rapper as Chanella Stougje. Soet is de opfolger fan Wendy Oosterwoud fan Oerterp dy't ferline jier kampioen waard. Oosterwoud rydt no by de junioaren en waard yn dy kategory sechsde. It wie opfallend dat Aafke Soet, yn 'e winter goed op redens by it shorttrack en langebaan, rapper wie as de kampioen by de junioaren Corine van der Zijden. It ferskil wie 10 sekonden.

Trefwurden: 
hurdfytsen Aafke Soet
(Advertinsje)
(Advertinsje)