Blog: Werom nei hûs

It sit der op. Sippy en ik pakke foar de lêste kear ús tas yn. Even nei healwei achten ride we fuort fan it bûten fan de famylje Jellema yn Gards Köpinge. We ride noch ien kear by it foar ús no sa bekende boerd mei de eland del. We helje noch in 'fika' by de pomp en ferlitte Sweden lykas we kommen binne, fia de Öresunds Bron. Even wachtsje yn de rige foar de boat nei Dútslân en sa rûn healwei seizen passearre we de grins fan Nederlân. Wat fiele we ús wer thús: it spielt! Genôch wetter hjir boer Jellema!