Ungelok op Westerdyk
In ûngelok op de N361 by Ryptsjerk soarget foar in protte ferkearsoerlêst. Op de Westerdyk binne twa auto's opinoar botst. Dêrby is yn elts gefal ien persoan fêst kaam te sitten. De brânwacht is op it stuit dwaande om dizze persoan út de auto te heljen. Hjirtroch is de dyk ôfset en wurdt it ferkear fia Quatrebras omlaat. It is noch net dúdlik wannear't de dyk wer frijjûn wurde kin.