Net mear smoke by yngong MCL

06 jun 2012 - 20:07

Sikehûs MCL yn Ljouwert stiet net ta dat pasjinten en besikers by de haadyngong smoke. It smookbelied is oanskerpe, omdat der in soad oer klage waard. Boppedat lei de grûn by de yngong bytiden fol mei peuken.

Smokers moatte no nei in bushokje op it parkearplak. Dêr is ek in ekstra smookplak realisearre. Der mei no allinnich noch smookt wurde yn twa spesjale romten yn it sikehûs en fjouwer bûtendoar.

De Fryske sikehúzen komme hieltyd mear aksje tsjin it smoken. Nei eardere maatregels op It Hearrenfean en yn Snits tolerearret no ek it MCL yn Ljouwert no ek gjin smokende pasjinten en besikers mear by de haadyngong.

Trefwurden: 
MCL smoke
(Advertinsje)
(Advertinsje)