Hartelust 2e by Gulden Feniks

It ryksmonumint pakhûs Hartelust yn Ljouwert is twadde wurden by de saneamde Gulden Feniks 2012. It giet hjir om in belangrike priis op it mêd fan renovaasjeprojekten. Yn it ryksmonumint binne 28 apparteminten realisearre.
It pakhûs oan de Romkesleane moast it opnimme tsjin studintehúsfesting yn Eindhoven en it konservatoarium hotel yn Amsterdam. Lêstneamde is de winner wurden.