Bouwmeester 2e, Postma 4e

06 jun 2012 - 19:20

Marit Bouwmeester is op de tredde syldei yn Weymouth klommen nei it twadde plak mei likefolle punten as de liedster, de Sinese Lijia Xu. Beide ha no 15 punten, Evi van Acker fan België hat 16. Marit waard yn har Laser Radial sânde en twadde. It 18e plak fan de earste dei is no har ôflûkresultaat. Pieter-Jan Postma yn de Finn bliuwt fjirde. Hy sylde woansdei nei in twadde en in fjirtjinde plak. Yn dy lêste race hie er swierrichheden mei de delhâlder fan it grutseil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)