Zijlstra: Gjin garânsje Frysk

06 jun 2012 - 17:18
Fryske flagge - Foto: ANP

Steatssekretaris Halbe Zijlstra fan ûnderwiis wol gjin garânsje jaan foar it behâld fan de wittenskiplike oplieding Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit yn Grins as de ynteresse fan studinten sterk achterbliuwt. Dat skriuwt Zijlstra oan de Earste Keamer. Ferskate fraksjes wolle opheldering oer berjochten dat de oplieding ophâldt te bestean.

Neffens Zijlstra hat de universiteit yn Grins by fersin nei bûten brocht dat de oplieding Frysk hielendal opgiet yn de nije oplieding Europeeske Talen en Kultueren.

Zijlstra fynt it wol in probleem dat mar sa'n bytsje studinten har oanmelde foar de oplieding Frysk. Hy wol dan ek hurde ôfspraken meitsje mei de provinsje Fryslân oer it behâld fan de oplieding yn de takomst.

Trefwurden: 
Frysk Halbe Zijlstra
(Advertinsje)
(Advertinsje)