SC Hearrenfean tsjin FC Oss

28 okt 2011 - 02:29
Foto: awfoto.nl

Sportklup Hearrenfean hat it aardich troffen yn de lotting om de KNVB beker. FC Oss is de folgjende tsjinstanner. De klup út de Jupiler League skeakele nei ferlinging FC Den Bosch út: 3-1. SC Hearrenfean wûn yn in Frysk fuotbalfeest mei 6-1 fan Harkemase Boys. De wedstriid yn de achtste finale, de lêste sechstjin, wurdt spile op 20, 21 of 22 desimber yn it Abe Lenstra stadion. Dan wurde ek Ajax-AZ en FC Twente-PSV spile.

(Advertinsje)
(Advertinsje)