Jild foar lichtere maisfrees

06 jun 2012 - 17:13

Yn Fryslân wurdt eksperimentearre mei in nije wize fan grûnbewurkjen. Foaral by de maisteelt op de feangrûn, mar ek yn NW-Fryslân. De trekkers wurde hieltyd swierder en de ploegen grave djipper. It lân giet hielendal oer de kop en dêrnei moat de boer der noch trije kear oerhinne foardat it ynsiedde is. Tocht wurdt dat soks net goed foar de grûn is.

De Provinsje hat jild beskikber steld om op njoggen lokaasjes yn Fryslân te eksperimintearjen mei in folle lichtere bewurking fan it lân.

In nije frees foarop de trekker makket smelle groefkes en efter de trekker wurdt it sied der fuortdaliks ynlein. Sa kin it hiele proses yn ien kear troch ien lichte trekker dien wurde.

Trefwurden: 
mais frees
(Advertinsje)
(Advertinsje)