DJ's yn glêzen hûs Hallum

06 jun 2012 - 16:53

Twa dj's binne tiisdei opsluten yn in glêzen hûs yn Hallum. Se wolle jild ynsammelje foar de lokale boarterstún. Dy sil ferboud wurde foar 20 000 euro, mar dat jild is der noch net allegear. De dj's wurde woansdei om 22.00 oere wer frijlitten. Sy ha dan 24 oeren yn it hûs sitten.

Doel is dat de boarterstún op 18 en 19 juny ferboud wurdt. It boartersplak leit tsjinoer it MFC het Trefpunt.

Trefwurden: 
Hallum Glêzen Hûs dj's
(Advertinsje)
(Advertinsje)