Histoarysk ynformaasjepunt

27 okt 2011 - 22:05
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Achtkarspelen hat sûnt tongersdei twa histoaryske ynfoarmaasjepunten. Minsken dy't graach mear witte wolle oer har famylje, it doarp of it hûs dêr't se wenne hawwe, kinne dat opsykje fia it ynternet thús of yn de biblioteken fan Bûtenpost en Surhústerfean.

Fierders binne der âlde films, aansichten en de edysjes fan de Feanster krante te besjen. Wethâlder Marten van der Veen iepene de twa ynformaasjepunten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)