'Bonifatius' minder hillich

06 jun 2012 - 16:23

Oant snein 10 juny is 'Bonifatius de Musical' te sjen yn de Bonifatiuskapel yn Dokkum. In cast fan lanlike musicalstjerren en Fryske professionals (Syb van der Ploeg, Theun Plantinga, Wouter Braaf) spylje in nije ferzje fan it Dútske orizjineel út 2004.

Regisseur Marc Krone keas foar in fertelperspektyf dêr't de Germaanske religieuze tradysjes fan de Friezen lykweardich yn binne oan dy fan de kristlike tsjerke en missionaris Bonifatius. "In korreksje op de skiednis", seit Richar Spijkers, de akteur dy't Bonifatius spilet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)