Gjin jild Grins foar spoarline
De stêd Grins hat gjin ekstra jild oer foar de spoarline tusken Grins en It Hearrenfean. Dat hat wethâlder Dekker fan finânsjes tongersdeitejûn sein. Grins hat oare partijen, lykas de beide provinsjes, oproppen om ekstra jild te sykjen. It projekt komt noch hûnderten miljoenen euro's tekoart.