Gjin ferhúsjild museum Dokkum

It Natuermuseum út Dokkum krijt gjin 15.000 euro foar de ferhuzing nei de nije lokaasje. Alteast, as it oan boargemaster en wethâlders fan Dongeradiel leit. It Natuermuseum ferhuzet ein dizze moanne nei it nije bistepark Sanjes Zoo yn De Westereen.
Foarsitter fan it museum, Anne Osinga, is bot teloarsteld. Dochs kin de ferhuzing neffens har gewoan troch gean. Se besykje it foar elkoar te krijen mei frijwilligers. De gemeenteried fan Dongeradiel moat noch wol in beslút nimme oer de ferhúsfergoeding.