Brân Harnzer hal oanstutsen

De brân dêr't yn maart dit jier in bedriuwshal op it Harnzer yndustryterrein Oostpoort by ferlern gie, is oanstutsen. By de brân waarden ek tûzenen boeken ferbaarnd dy't útjouwerij Sjaloom yn it gebou oan de Marconistrjitte opslein hie.
Ut in rapport fan de fersekeringsmaatskippij docht no bliken dat yn it magazyn fan it gebou, dêr't de brân ûntstien is, benzinespoaren oantroffen binne dy't op de brânstifting wize. Neffens eigner Wim Wildeboer fan de útjouwerij binne fan de brân bylden makke troch in bewakingskamera.
Op dy bylden binne in fytser en in wite auto fan it merk KIA op te sjen. De útjouwer had no in jildpriis útloofd foar mooglike tips yn dizze saak.