Wim Anker wint Taal-priis

06 jun 2012 - 14:08

De Akkrumer advokaat Wim Anker hat de Duidelijke Taal-priis wûn. Neffens it Taalcentrum fan de Vrije Universiteit yn Amsterdam formulearret Anker helder en dúdlik, en brûkt amper komplekse sinnen en bysinnen. Wêr't it nedich is, is er serieus, mar der is ek romte foar humor, sa oardielet de sjuery.

Elk jier wurdt in beropsgroep op taalgebrûk beoardiele, dit jier wienen de strafpleiters oan bar. It advokatekantoar fan Anker & Anker levere noch in winner: kollega Tjalling van der Goot waard fjirde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)