Mear ûndersyk ûngelok A32

06 jun 2012 - 14:02

De plysje hat it ûngelok fan tiisdei op de A32 by It Hearrenfean noch hieltyd yn ûndersyk. By it ûngelok ried in frachtwein tsjin in pylkauto fan weiwurkers, dy't de middenberm oan it meanen wienen. De bestjoerster fan de pylkauto koe troch lûd toeterjen de meanders krekt op 'e tiid warskôgje. Boppedat joech se gas, sadat de klap minder hurd oankaam.

De bestjoerder fan de frachtwein, fan wa't de persoansgegevens noch net bekend binne, seit dat er de meanders te let seach.

Trefwurden: 
ûngelok A32
(Advertinsje)
(Advertinsje)