'Nota Natuer moat better'

06 jun 2012 - 13:56
Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De nije provinsjale nota Natuer en Lanlik Gebiet moat op sân punten ferbettere wurde. Dat stelle de Fryske natuer- en miljeuorganisaasjes. Ien fan de útgongspunten yn de nota is it Grien Manifest. Dêr wienen de natuerorganisaasjes by belutsen, mar se sjogge der te min fan werom yn de provinsjale nota.

Yn it sânpunteplan trune de organisaasjes derby de provinsje ûnder oaren op oan dat it behâld fan de greidefûgels hege prioriteit krijt en dat de bestriding fan de ferdroeging op de politike aginda komt.

Ek moat aktiver ynspile wurde op de kânsen dy't de status fan Wrâlderfgoed oan de Waadsee jout. It ferbetterplan wurdt nije wike besprutsen yn de provinsjale polityk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)