Jonge see-earn ringe

06 jun 2012 - 13:09

Yn it Lauwersmargebiet is woansdeitemoarn in jonge see-earn ringe. It giet om in wyfke fan 8 à 9 wiken âld en 4,5 kilo swier. De beam mei it nêst stiet op de Sennerplaat. Meiwurkers fan Sovon hellen it jong út it nêst, wêrnei't it bist twa ringen om de poaten krige. Sa kin it syn hiele fierder libben folge wurde. By it barren fleagen de âlden der rêstich wat omhinne.

Trefwurden: 
see-earn Lauwersmargebiet
(Advertinsje)
(Advertinsje)