Nije opset finzenismuseum

06 jun 2012 - 12:32

It finzenismuseum yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert krijt in nije opset. Fan 'e wike waard bekend dat de behearder fan de Blokhúspoarte, CareX, it kontrakt mei it hjoeddeistige museum net ferlinget.

Mei in nije ploech minsken wurdt no wurke oan in nije museale opset. Mei it âlde bestjoer fan it museum koe it kontrakt net ferlinge wurde, sa seit direkteur Johan de Jong fan Carex Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)