Game makket wurkplak feiliger

Yn Nederlân is der grutte oandacht foar feiligens op it wurk. Dochs binne der alle dagen 300 ûngefallen op wurkplakken. In nije game fan de NHL yn Ljouwert moat dêr feroaring yn bringe. Oer twa jier moat dat serieuze kompjûterspultsje 'Play it safe' klear wêze. Bysûnder is dat de 'game' op it wurkplak sels, dus op bygelyks in bouplak of yn it fabryk, ynset wurde kin.