PvdA: fleanbasis yn program

F-16 op de Fleanbasis Ljouwert © ANP
De PvdA moat yn it nije ferkiezingsprogramma kieze foar it iepenhâlden fan de fleanbasis yn Ljouwert. Dat stelle sawol de PvdA-fraksjes fan Ljouwert as dy fan Fryslân. Oer dat ûnderwerp is in brânbrief stjoerd nei Marco Florijn. Dy eardere wethâlder fan Ljouwert is foarsitter fan de partijkommisje dy't it ferkiezingsprogramma skriuwt.
De beide fraksjes fine dat Fryslân "onevenredig" hurd troffen wurdt troch it ryksbelied. Sa ferdwûnen yn Ljouwert de Voedsel en Warenautoriteit, de Keamer fan Keaphannel en it Kadaster.
It ferlies fan de fleanbasis, dêr't mear as tûzen banen mei anneks binne, soe neffens de PvdA ûnakseptabel wêze.