Fakânsjepark Barradiel fallyt

Rekreaasjepark Barradiel yn Tsjummearum is troch de rjochtbank fallyt ferklearre. Eigner Gerben Postma hat in skuld fan 120.000 euro. Dy skuld is neffens Postma ûnstien trochdat in grutte groep eigners fan in fakânsjewenning wegeret om parkbelesting te beteljen.
De kwesje spilet al jierren en soarget foar spannings tusken Postma en de chaleteigners. Koartlyn tsjinne in koartpleit tsjin 23 fakânsjewenningeigners dy't har bydrage net betellen. De rjochtbank docht tongersdei útspraak yn dizze saak.