Fryske bern sjonge foar Máxima

06 jun 2012 - 12:12

Prinses Máxima hat woansdei yn de Heineken Music Hall yn Amsterdam mei prins Willem Alexander en harren trije dochters it slotkonsert fan it projekt 'Kinderen Maken Muziek' bywenne. Under de 3000 dielnimmers wiene ek goed 200 bern út Tytsjerksteradiel. Neffens projektlieder Timme Koudstaal fan it muzykprojekt yn Tytsjerksteradiel wie it konsert in grut sukses.

It projekt is bedoeld foar bern yn de leeftiid fan 8 oant en mei 12 jier dy't op in goedkeape wize in start meitsje kinne om popmuzyk te spyljen.

Trefwurden: 
bern Máxima
(Advertinsje)
(Advertinsje)