Minder basisskoallen De Gordyk

06 jun 2012 - 12:02

It tal iepenbiere basisskoallen op De Gordyk wurdt werom brocht fan fjouwer nei twa. Doel is om twa nije, brede skoallen te bouwen. Der wurdt al in pear jier oan de plannen wurke, mar it is no safier dat de earste boud wurde kin yn de wenwyk Loevestijn op De Gordyk. De skoalle moat yn 2014 klear wêze.

De boukosten fan de skoallen wurde rûsd op 7 miljoen euro. Der binne al twa partners fûn dy't ek gebrûk meitsje wolle fan it pân. De gemeenteried sil der ynkoarten in beslút oer nimme.

De teams en de âlders binne neffens wethâlder Klaas de Boer net tsjin de fúzjes.

Trefwurden: 
basisskoalle De Gordyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)