Man moat alkoholslot hâlde

06 jun 2012 - 11:38
Foto: Omrop Fryslân

De 41-jierrige Fries by wa't in alkoholslot yn de auto sitte moat om't er mei drank op betrape wie, komt net ûnder dy maatregel út. Hy hie berop oantekene, omdat er oars syn wurk kwytrekket. Hy moat geregeld yn meardere auto's foar syn baas op paad en de maatregel soe betsjutte dat dy allegear sa'n alkoholslot ha moatte.

Neffens de advokaat fan de fertochte is it ek net earlik dat de man in alkoholslot ha moat, omdat de foarljochting oer de ynfiering fan de maatregel net goed genôch wie. De rjochter wie net oertsjûge troch dy arguminten.

It is net dúdlik oft de man tsjin de útspraak yn berop giet.

Trefwurden: 
alkoholslot
(Advertinsje)
(Advertinsje)