Skearnegoutum wol nij MFS

27 okt 2011 - 21:42
Foto: Omrop Fryslân

Doarpsbelang Skearnegoutum wol dat der gau úteinset wurdt mei de bou fan it multi-funksjoneel sintrum. It doarp is der al jierren mei dwaande. It nijste plan is om it MFA op it hjoeddeistige plak fan de skoalle te bouen. It eardere plan wie de pastory om te bouen ta doarpshûs. Mar dat is te djoer. Noch wer earder soe de skoalle nij boud wurde om it sportfjild, mar ek dat wie te djoer. Sawol it doarpshûs as de skoalle binne oan wat oars ta.

(Advertinsje)
(Advertinsje)