Man nije rydbewiis dalik kwyt

06 jun 2012 - 11:35
Plysje - Foto: ANP XTRA

In man fan 47 jier út Frjentsjer is syn nije riidbewiis dalik kwytrekke. De man hie oanjefte dien fan de fermissing fan syn papieren.

Op it plysjeburo krigen aginten al gau it idee dat de man tefolle dronken hie. In ademanalyze befêstige dat fermoeden. De Frjentsjerter koe fuort syn nije riidbewiis wer ynleverje.

Trefwurden: 
rydbewiis
(Advertinsje)
(Advertinsje)