Brân yn bedriuwspân Jirnsum

Brânwacht © ANP XTRA
Yn in bedriuwspân yn Jirnsum is woansdei in boat yn 'e brân rekke dy't dêr stald wie. Yn it gebou wienen gefaarlike stoffen oanwêzich, en troch de flinke reekûntwikkeling waard grut alarm slein.
Fan de fjouwer minsken dy't yn it gebou wienen, krige ien lêst fan dy reek. Achterôf foel dat ta. Even nei tsienen moarns wie de brân wer út.