Dronken jonges yn Makkum pakt

© ANP XTRA
Yn Makkum binne begjin dizze wike twa jonges fan 16 en 17 jier út Ljouwert en Makkum oanholden om't se tefolle alkohol ophiene. De twa hiene midden yn 'e nacht in quad fan de pleatslike kemping meinaam en dêrop troch Makkum riden. In tsjûge seach dat en belle de plysje. Dy konstatearre dat de jonges behoarlik dronken wiene. Ek hiene se noch in aardige foarried drankflessen by har.
De twa krigen in bekeuring en binne troch de plysje thúsbrocht.