Frou rydt oar mei sin oan

06 jun 2012 - 11:24
Foto: Omrop Fryslân

In 23-jierrige frou út Frjentsjer is moandei yn eigen stêd oanholden foar besykjen ta deadslach. De frou hie in oare frou fan 21 út 'e stêd mei opsetsin oanriden. De twa hiene al langer spul. De 23-jierrige seach de oare frou stean by de Andel Ripkemastrjitte. Doe't dy oerstekke woe, dage de automobiliste har út troch gas te jaan. De 21-jierrige frou waard doe lulk, wêrtroch't de twa opnij rúzje krigen.

Doe't de jongste útnaaide, ried de oare frou har oan. Dy bedrige har ek noch wylst se op 'e grûn lei.

De plysje hold de 23-jierrige letter dy dei yn har hûs oan. Sy is oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Frjentsjer frou
(Advertinsje)
(Advertinsje)